abonneer nu
Theater

Feestjoun Fryske Krite Wolvegea

Geplaatst op donderdag 22 februari 2018 11:21
  • © Archief Lenus van der Broek

pinterestmail

Wolvegea - Sneon 24 febrewaris is wer de jierlykse feestjoun fan it Frysk Toanielselskip “Oer ‘e Tsjonger” yn Wolvega.

Optrede sil dan it Hymphamp Theater mei “Dûbbelportret”. Út in oare wize fan sjen nei minsken, en sykje nei de útfergrutting, komme personaesjes op in úterst humorystiske wize ta libben en kin elts, dy’t se  sjocht foaral in oar dêr yn werkenne.

Tegearre mei 2 betûfte muzikanten bringt Hymphamp in skitterend programma mei lietsjes en scenes.

Dizze feestlike joun sil plak fine yn Dansdomein Drenth oan de Schoolstraat yn Wolvegea en begjint om 20.00 ûre (seal iepen om 19.00 ûre).

whatsappTip de redactie via WhatsApp! Voeg 'Stellingwerf' toe als contact in uw telefoon, 06-3068 9713, en stuur ons uw tips, foto’s en video’s.